UITSNEDE-template.png

36. Lage Herenweg 5-7 Slachterij Van der Wal

Frysk
Fan 1907 ôf hie Van der Wal hjir in slachterij op nûmer 5, earst Marten, letter soan Piet van der Wal. Doedestiids moast men in smel brechje oer om by de slachterswinkel te kommen.
Yn ’e 19e ieu wie it gebou in sûkereifabryk mei twa wenningen. Bysûnder is dat de sûkerei hjir net allinne droege waard mar dat der ek in brânerij mei in sûkereimûne wie om it droege produkt te meallen. De boereskuorre hjir efter hearde ynearsten ek by dizze huzen.

Nederlands
Vanaf 1907 was slager Van der Wal hier gevestigd op nummer 5, eerst Marten, later zoon Piet van der Wal. Men moest destijds een smal bruggetje oversteken om bij de slagerswinkel te komen.
In de 19e eeuw was het gebouw een cichoreifabriek met twee woningen. Bijzonder was dat de cichorei hier niet alleen gedroogd werd, maar dat er ook een branderij met een cichoreimolen was om het gedroogde product te malen. De landbouwschuur hierachter hoorde aanvankelijk bij deze woningen.

Lageherenweg5 11haven tresoar1949692x460

Terug naar overzicht