POES-UITSNEDE.png

29. Ringweg 11 Hûs mei timmerwinkel

Frysk
Op in soad plakken yn it doarp wienen sa troch de tiid hinne timmerbedriuwen, ek op dit plak. Yn dit hûs hat op 11 juny 1910 in drama plakfûn. Troch it ynslaan fan de wjerljocht wienen timmerman Hilbrand Wielinga (50) en soan Auke (18) op slach dea. De frou en in timmerfeint, Veldman, rekken bûten westen. Nei alle gedachten hat Wielinga it hûs doedestiids sels boud. Fan 1914 ôf wennen hjir inkele generaasjes fan de famylje Schat, dy’t ek allegearre in timmerbedriuw hienen.

Nederlands
Op veel plaatsen in het dorp zijn timmerbedrijven geweest, zo ook hier. In dit huis heeft op 11 juni 1910 een dramatische gebeurtenis plaatsgevonden. Door blikseminslag werden timmerman Hilbrand Wielinga (50) en zoon Auke (18) gedood. De echtgenote en een timmerknecht, Veldman, raakten bewusteloos. Waarschijnlijk is het huis door Wielinga zelf gebouwd. Vanaf 1914 woonden er enkele generaties van de familie Schat, die hier ook hun timmerbedrijf uitoefenden.

Ringweg11800x534

Terug naar overzicht