4_mei_herdenking_.png

Nieuws

Ferhalenjûn by Herberg Godot wie in sukses

2018ferhalen yn Marrum wie in sukses 

 Dit wykein set de Kulturele Haadsted útein. Marrum wie ôfrûne freed derby mei in jûn fol sterke ferhalen en kroechferhalen út en oer Marrum en Marrumers. De jûn wurde hâlden by Herberg Godot yn Marrum. De jûn wurde goed besocht, 20 Marrumers wiene fan 'e partij. 
 
Ferhalen ut Marrum
Der wiene ferhalen oer de Kening fan 'e Greide (skries=grutto), oer Marrumers en oer de famylje Regnerus die't in ieuw lyn ferhúzje soene, mar dat rûn oars. Wolle jim mear witte? Dit krijt fêst in ferfolch.
 
Stikel
Famylje fan Stikel kaam der juster noch achter dat hun omke neamt waard op ús webside, en sy wiene benijd welke ferhalen oer him noch de rûnte gean. Spontaan waard troch de hear Walda in âld stikje ut it sportbled ophelje. De ferhaalkeunsten fan Gerrit Steen koene us noch steeds boeie en de fuotbalklean fan doe wiene in stik minder moai dan de ‘outfit’ fan VV Marrum fan no. 
 
Sels de NOS wie foar in foto nei Marrum utflein. Herberg Godot, tank foar de gastfrijheid en eltsenien dy’t erby wie. 
It wie moai...