tempeltje_.png

Snypsnaren

De Dochmarwatts

Zo'n twintig jaar geleden is het alweer dat de Marrumer band de Dochmarwatts van start ging. Ze maakten furore tijdens de optredens met hun 'kramtriedblues' en maakten een paar cd's. Hoogtepunten waren de optredens op Aaipop en Liet en natuurlijk het legendarische reünieoptreden in 2010 in De Groene Oase.

Op de Friese Wikepedia-site staat een mooie beschrijving over de Dochmarwatts. De tekst daarvan is hieronder overgenomen. 

Dochmarwatts wie oan 'e ein fan de tweintichste iuw in (blues)band út Marrum.

1 Gearstalling
Dizze band út Marrum spile “kramtriedblues”, blues mei skerpe punten, in term dy't betocht waard troch sanger Johan Kok. De earste oanset waard makke yn 1996 troch oprjochters Johan Kok (bas), syn broer Wilco (slachreau) en Wietse Bouma (gitaar). Mei noch in oantal kammeraten waard der muzyk makke yn ien fan de romten fan it âlde suvelfabryk yn it doarp. Doe't yn 'e rin fan 1997 Jaap Hijma (gitaar), dy't de mannen in kear heard hienen as gastmuzikant by Swiet & Bjuster, der by kaam krige de muzyk mear karakter en waarden der yn koarte tiid in behoarlik oantal kovers en eigen nûmers ynstudearre. Bouke van Jaarveld (saksofoan en trompet) kaam der noch by en Wietse ferruile syn gitaar foar in bas. Underwilens wie Johan Kok al promovearre ta sanger.



2 Muzyk

Yn 1998 spile de band op ferskate lokaasjes yn 'e regio yn tinten, hokken en skuorren. “In pear bankjes en in krat bier” is it motto en foar dy priis spilet de band in hiele jûn. Yn 1999 ferskynde de selsmakke CD “Bite....net sobje”. In jier letter die de band mei oan “Lytske Aaipop”, in soarte fan talintejacht foar begjinnende bands. De Dochmarwatts wûnen mei gemak en mochten op Peaskemoandei it grutte Aaipop iepenje. Datselde jier waard ek de CD “Echo fan 'e Klaai” opnommen yn Studio Après Midi yn Burgum. Op dy skiif steane 10 nûmers dy't yn Burgum opnommen waarden en ien nûmer dat “live” opnommen waard op it festival “LIET” yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert. De measte nûmers binne fan de hân fan Jaap Hijma, oanfold mei in oantal kovers fan it duo J. Kok/W. Bouma.

dochmarwatts op dobbe700x5083 Ein
Yn de rin fan it jier 2002 joech sanger Johan Kok oan dat hy der mei ophâlde woe; de kombinaasje fan muzyk, wurk en in jonge húshâlding waard him tefolle. De fjouwer restearjende Dochmarwatts stienen foar de kar: in oare sanger sykje, sels sjonge, of der mei ophâlde. Hja besleaten ta it lêste. Op 21 desimber 2002 spilen de Dochmarwatts foar it lêst foar harren fans yn de oefenromte yn Westernijtsjerk.


4 Dêrnei
Johan hat him weromlutsen út de muzyksiin, Bouke hat seis jier lang bassist west by in top 100-band, en Wietse en Wilco makken noch muzyk mei harren hobbyband “De Four Luite”. Jaap Hijma wie yn 2005 ferantwurdlik foar it grutte teaterspektakel “Marrum - Texas” en hat yn 2006 in pear kear optreden mei Jacob de Boer (sang & mûlharp) en Oege Reitsma (bas & sang) ûnder de namme “De Jongerein fan Juster”. Op 18 juny 2010 jouwe de Dochmarwatts in reünyoptreden
fan in oere yn kafee “De Groene Oase” yn Marrum. Bylden fan dit barren binne op you tube te finen.

5 Hit
It Dochmarwattsnûmer “Fordson Dexta Blues” waard yn 1999 in grutte postume hit foar de band “Swiet & Bjuster” út Damwâld en omkriten.

Boarne: https://fy.wikipedia.org/wiki/Dochmarwatts?oldid=777258 

De foto's zijn afkomstig uit het door Jaap Hijma samengestelde boek over de Dochmarwatts