notaris_woning_.png

31. Kerkpad 1 It hûs fan de karrider

Frysk
Jan Wijbenga begûn yn 1904 yn Marrum as karrider. Al rillegau gie er in gearwurking oan mei Sjoerd de Vries, dy’t hjir wenne (it hûs lofts op ’e foto). Yn ’e 20ste ieu waard it ferfier oer it wetter hieltyd mear ferfongen troch it ferfier oer de wei. Sa besjoen wie de frachtrider de opfolger fan de beurtskipper. Hja rieden op geregelde tiden nei Ljouwert en Dokkum, earst mei hynder en wein, letter mei in frachtauto. It bedriuw waard letter fuortsetten troch de soannen Hendrik Wijbenga en Ette de Vries.

Nederlands
Jan Wijbenga begon in 1904 in Marrum als vrachtrijder (‘karrider’). Hij ging al gauw een samenwerking aan met Sjoerd de Vries, die hier woonde (het huis links op de foto). In de 20-ste eeuw werd vervoer over water meer en meer vervangen door vervoer over de weg. In die zin was de vrachtrijder de opvolger van de beurtschipper. Ze reden op geregelde tijden naar Leeuwarden en Dokkum, eerst met paard en wagen, later met een vrachtauto. Het bedrijf werd later elders voortgezet door hun zonen Hendrik Wijbenga en Ette de Vries.

kerkpad het Oosten
Het Oosten in vroeger tijden met links Kerkpad 1

Terug naar overzicht