SPINNEWEBUITSNEDE.png

25. Kerkpad 7 Buorkerij oan'e achterdyk

Frysk
Om 1860 hinne is dizze stjelp boud. De buorkerij is yn eigendom west fan û.m. Hoornstra, Gros, Steegstra, Westra en Vellinga. Westra hie ek in flaakshannel. De eigeners buorken net altyd mei súkses, sawol yn 1882 as yn 1887 waard de buorkerij troch de hypoteekhâlder ferboelguodde. Yn dy jierren wie der dan ek sprake fan in grutte lânboukrisis. Yn ’e skuorre wie doedestiids plak foar 6 kij en 2 hynders. De lêste boer dy’t hjir wenne wie oant 1975 ta Klaas Vellinga. Troch de ruilferkaveling ferdwûnen doe de measte boeren út ’e doarpskearn.

Nederlands
Omstreeks 1860 is deze stelpboerderij gebouwd. De boerderij is eigendom geweest van o.a. Hoornstra, Gros, Steegstra, Westra en Vellinga. Westra had ook een handel in vlas. De eigenaren waren niet altijd succesvol: zowel in 1882 als in 1887 wordt de boerderij door de hypotheekhouder geveild. In die jaren was er dan ook sprake van een grote landbouwcrisis. De schuur had destijds een stalling voor 6 koeien en 2 paarden. De laatste boer die er woonde was tot 1975 Klaas Vellinga. Toen verdwenen in het kader van de ruilverkaveling de meeste boeren uit de dorpskern.

Kerkpad7 Ringweg boerderijAchterdyk800x600 

Terug naar overzicht