UITSNEDEstation.png

06. Lage Herenweg 36 De touwinkel fan Elzinga

Frysk
Om 1913 hinne begûn Foppe Elzinga hjir mei hannel yn tou, boereark en skuon. Letter waard er opfolge troch soan Rein en dochter Berber. Dêrfoar wie hjir in herberch. Lieuwe Reinders Wielinga, foarhinne weinmakker, begûn hjir om 1840 hinne in herberch, fan 1865 ôf opfolge troch Klaas Meinderts de Haan. De soan fan De Haan keapet yn 1896 de grutte herberch op nûmer 30, twa huzen fierder. Foardat er dit pân oan Elzinga ferkeapet, ferhiert er it earst in tal jierren as herberch oan Tjerk Hamstra. Dy makke en ferkocht hjir as earste kûgeltsjebier.

Nederlands
Foppe Elzinga begon ca. 1913 de handel in touw, boerengereedschap en schoenen, later voortgezet door diens zoon Rein en dochter Berber. Daarvoor was hier een herberg. Lieuwe Reinders Wielinga, die zijn carrière begon als wagenmaker, startte hier omstreeks 1840 een herberg, vanaf 1865 voortgezet door Klaas Meinderts de Haan. Diens zoon koopt in 1896 de grote herberg twee huizen hiernaast (nummer 30) en alvorens het aan Elzinga te verkopen verhuurt hij dit pand een aantal jaren als herberg aan Tjerk Hamstra. Deze maakte en verkocht hier als eerste priklimonade.

Lage herenweg 36Elzenga

Terug naar overzicht